Kollum: "Tulpen"

25 nov 2016 - 07:24

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

"De kommersje hat foar my in grut part fan de desimberwille bedoarn. Doe’t de bern noch lyts wiene en nei de simmerfakânsje de pipernuten al yn ‘e winkels leine, tochten se fansels dat Sinteklaas hast wer kaam! ‘Nee leave, dat duorret noch in hiel skoft. We hawwe no de simmerklean noch oan mar as de winterjas en de moffen oan kinne, dan duorret it meastal net sa lang mear.’ Mar hast tagelyk mei de pipernuten leine de krystballen ek al yn ‘t skap.

Om de situaasje noch slimmer te meitsjen, kamen de reklameboekjes mei boartersguod ek al ierebetiid yn ‘e bus. Meastal goaide ik dy drekst by it âld papier omdat dy earme bern oars hielendal sa gek as in sint wiene. En fansels wie it wol skattich om nei de yntocht te gean en pakjesjûn te fieren mar de measte wille wie by my al fier foar de tiid ferflein.

Sint Maarten ha ‘k neat mei. Eartiids as bern wol mar dat gong om it snobbersguod, net om de ferskes of de lampion. En fansels ha ’k altyd braaf mei de bern yn ‘e optocht rûn mar meastal wie it stjerrende kâld en ik wit ek wol dat in ko in sturt hat. Dêr hoech ik de dyk net foar út.

Wy fiere thús gjin Sinteklaas mear, de bern noch wol by de pake’s en beppe’s. Mar as we 5 desimber hân ha, lûkt fuortendaliks de dei dêrnei frou Kerrie de snút wer iepen en hearre we foar de safolste kear al dy krystferskes foarby kommen. Hoe tichter we by de krysttiid komme, hoe mear ik myn nocht derfan krij al skeelt it wol hokker waar it is. As it fan dat âlderwetske moaie winterwaar is, dan is myn sin faak in stik better.

Wy hawwe wol in krystbeam yn ‘e hûs. It is in keunstbeam want ik fyn it sa begrutlik foar de echte beammen. Se ferklearje my hjir thús allegearre foar gek mar ik fyn it ideaal en kin der jierren mei ta. As it ien kear krysttiid is, dan libje ik al wat op. Want nei de krystdagen kinne we wer gewoan stamppot ite, is it jier hast om en begjinne de dagen wer te langjen.

Aldjiersjûn is noch wol in dinkje want ik fyn neat oan knalfjoerwurk mar ús jonges wol! Sy helje tassen fol en ik bin altyd bliid as elkenien de oare deis wer sûn en wol thús is. De jongerein is de hiele nacht op stap mar eartiids wie it Jelle syn taak om nei tolven mei de bern de dyk út te gean want ik moast dan by de bisten bliuwe. Dat wie in moaie deal. Gjin geknal om ‘e earen en ik ha ek in hekel oan al dat tútsjen.

Dit wie op himsels net in hiel posityf ferhaal wylst ik fierder echt wol in lokkich minske bin. Mar desimber is gewoan net myn favorite moanne. Wy libje ek net yn in reklamefolder en glitterjurkjes binne net hiel praktysk by it strontskeppen. De hynders skite alle dagen, dus ek op 1e en 2e krystdei.

Dochs is der in ljochtpuntsje yn dizze tsjustere tiid en dat binne de tulpen. It liket wol oft dy ek alle jierren betider te keap binne mar dat fyn ik net slim! Tulpen betsjutte foar my dat it hast wer foarjier is en dat kin om my ek net betiid genôch komme.

De minsken dy’t desimber wol fantastysk fine, winskje ik alfêst in gesellige Sinteklaasjûn, noflike krystdagen, in salich úteinde en in lokkich nijjier ta mar ik ha dus leaver in tulp as in tút."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)