Friezen sitte hieltyd minder op de bank

25 nov 2016 - 06:37

It oantal wurkleazen yn Fryslân rint noch hieltyd werom, mar der binne noch altyd mear minsken sûnder wurk as foar de krisis fan 2008. Dat wurdt dúdlik út de sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) oer it tredde fearnsjier.

Benammen yn Flevolân, Limboarch en Fryslân giet de wurkleazens bot omleech. It oantal Friezen dat sûnder wurk sit, is no 18.000, trije jier lyn wiene dat noch 26.000. It persintaazje wurkleazen is mei 7,1 it heechst yn Grinslân. It lanlike gemiddelde leit op 5,6 prosint.

It is yn Fryslân benammen de hoarekasektor dy't it goed docht, seit ekonoom Peter Hein van Mulligen fan it CBS.

Wa't in baan siket, kin op middelber en leger nivo it bêste telâne yn de technyk, siet it UWV. Troch it oanlûken fan de bou is it hieltyd dreger om fakminsken te finen. Der is bygelyks ferlet fan mitselers, tegelsetters en masinebetsjinners.

De ICT is gjin grutte sektor yn Fryslân, mar op dat mêd binne der op hegere nivo's noch wol fakatueres dy't dreech te ferfullen binne, seit it UWV. Der wurdt socht om programmeurs yn spesifike kompjûtertalen, lykas java. Yn Fryslân binne in protte minsken dy't dêr gjin geskikte oplieding foar dien ha.

Arbeidsbemiddelingsburo's yn Fryslân hawwe it drok. Bygelyks it buro Travoor yn Ljouwert. Bemidderlers Elly de Haan en Henk Lier pleatste 3 fan de 4 kliënten yn in nije baan. Ien dêrfan is Oane van der Naald fan Aldwâld. Hy hat 25 jier as fersoargende by Noorderbreedte wurke en hat no in eigen klusbedriuw. 

Trefwurden: 
wurkleas CBS
(Advertinsje)
(Advertinsje)