Regearingspartijen wolle dochs mear jild foar omroppen

25 nov 2016 - 06:20

Regearingspartijen VVD en PvdA wolle foar ien kear 17 miljoen euro ekstra útlûke foar de regionale omroppen, omdat oars de nijsfoarsjenning yn gefaar komme kin. Omroppen dy't it jild ha wolle, moatte mear gearwurkje mei elkoar, mei kranten, en mei de NOS.

Yn septimber luts it kabinet al it plan yn om dy gearwurking ferplicht te meitsjen. Omroppen wiene dêrtsjin omdat neffens har de ûnôfhinklikheid fan de redaksje net goed boarge wie. Yn dit nije foarstel fan de regearingspartijen wurdt no de plande besuniging fan 17 miljoen euro in jier letter ynfierd.

Goed nijs

Neffens direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân is it goed nijs dat der mear jild komt om de besunigings by de regionale omroppen op te fangen. De omroppen meie dy sinten net frij besteegje; se moatte stutsen wurde yn gearwurking mei de NOS, de oare regionale omroppen, regionale kranten of lokale omroppen. Allinnich yn 2017 is der ekstra jild, de besunigings moatte wol gewoan trochgean. Koster is bliid dat de regearingspartijen no it belang sjogge fan goeie regionale sjoernalistyk

Mienskip

Regionijs is fan belang foar de mienskip, sa fine VVD en PvdA. ''Mensen willen niet alleen weten wat de uitkomst is van de Amerikaanse presidentsverkiezingen, maar ook wat de provincie of gemeente heeft besloten of hoe die brand in het naburige dorp is afgelopen", seit PvdA-Keamerlid Mohandis.

"De samenwerking is niet zo snel op gang gekomen als gehoopt en daarom steunen we de overgang naar de structurele samenwerking", seit VVD-Keamerlid Ton Elias. "De regionale omroepen zijn nu wel echt aan zet."

Gearwurking

Earder dizze wike waard al dúdlik dat de regionale omroppen fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel neier gearwurkje wolle. Earst op it mêd fan technyk en de sinteraasje. Mar de omroppen slute net út dat se op termyn ek programma's mei-inoar meitsje sille.

(advertinsje)
(advertinsje)