Rutte hat no wol tiid foar Paralympiërs

24 nov 2016 - 22:28
Paralympiërs by Asscher, yn septimber - Foto: ANP

De atleten dy't by de Paralympyske Spelen in medalje wûn hawwe gean moandei dochs noch by minister-presidint Mark Rutte op besite. Earder waarden se al huldige troch de fize-premier Asscher, omdat Rutte doe net koe.

De paralympyske ploech helle 62 medaljes yn Rio: 17 kear goud, 19 kear sulver en 26 kear brûns. Dêrmei waard Nederlân sânde yn it medaljeklassemint. Foar Fryslân hellen Alyda Norbruis, Liesette Bruinsma, Tristan Bangma, Olivier van de Voort en Rixt van der Horst medaljes.

(advertinsje)
(advertinsje)