Nij fotoprojekt Tryntsje Nauta: leden showkorpsen

24 nov 2016 - 22:19
Jeffrey fan de North Frisian Percussion Corps yn Dokkum - Foto: Tryntsje Nauta

Fotografe Tryntsje Nauta is dwaande mei in nij projekt. Se makket portretten fan leden fan Fryske showbands. It doel is dat der letter in boek fan ferskynt. Op de site Finster op Fryslân binne de earste foto's no al te sjen.

Yn Fryslân bestean noch inkelde tsientallen showbands of showkorpsen. Trommelers en blazers dy’t feestlik troch de buorren marsjearje mei foarop color guards mei in flagge of majorettes mei in baton. In protte showbands dogge ek mei oan taptoes en konkoersen. De leden hawwe kleurige unifoarms oan.

Mei-inoar ien

De unifoarms wie wat Tryntsje Nauta sa oanspruts, doe’t se betocht om de showbands te fotografearjen: ‘Ik fyn it in tige nijsgjirrige kultuer. It is estetysk, dat unifoarme, allegearre deselde pakjes. Mei-inoar binne jo ien. Werkenber foar elkenien. Mar net elkenien ken it fan tichteby. In ûnbekende wrâld mei in lange skiednis, dêr’t ik graach yn sjen wol. Wa binne de jongeren dy’t dêrfoar kieze? It is yn dy sin ek nijsgjirrich: showbands binne kultureel erfgoud mei in ûnwisse takomst.’

Seefeartskoalle en oranjekoeke

De searje portretten fan muzikanten en majoretten docht tinken oan in earder projekt fan Tryntsje Nauta: ‘De Zee Roept’ (2011). Doe sette se studinten fan de seefeartskoalle op Skylge yn harren unifoarm op ‘e foto . Earder makke Nauta ek foto's fan oranjekoeken fan Fryske bakkers.

Trefwurden: 
Tryntsje Nauta showkorps
(advertinsje)
(advertinsje)