Talant hâldt Winterfair mei krystartikels

De kliinten fan Talant hiene tongersdei al harren winterfair. Mei allerhande krystartikels. Ynkocht, mar foaral ek sels makke troch de minsken dy't by Talant wenje en wurkje. Minsken mei in ferstanlike beheining meitsje de prachtichste dingen.
Twa kear yn it jier is der sa'n fair: de maitiidsfair en de winterfair. Mar minsken dy't nijsgjirrich binne nei de aktiviteiten fan Talant binne eins alle dagen wolkom.