Ofspraken oer gemeente-amtners nei fúzje ta Waadhoeke

24 nov 2016 - 20:33

De fakbûnen en de fjouwer Waadhoekegemeenten hawwe in sosjaal plan tekene. Dêr stean ôfspraken yn dy't jilde foar it personiel by de fúzje tusken de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel, Littenseradiel en Menameradiel.

De fúzje giet yn op 1 jannewaris 2018. Der fall gjin twongen ûntslaggen. Wol wurde wurknimmers boppe de 60 jier stimulearre om oeren yn te leverjen, sadat foar dat jild jongerein en minsken mei in beheining oan it wurk kinne. Alderen sille dêrneist ynset wurde as coach fan dy doelgroepen.

(advertinsje)
(advertinsje)