De Vries rapste op 1000 meter

19 maaie 2012 - 14:15
Foto: awfoto.nl

Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, hat freedtejûn de nasjonale titel pakt op de 1000 meter by it NK skeelerjen. Op har thúsbaan yn Haulerwyk pakte se har earste gouden medalje. Tongersdei pakte De Vries al it brûns op de 300 meter en it sulver op de ôffalkoers. Troch dizze prestaasjes is se wis fan pleatsing foar it EK inline-skaten yn Hongarije.

Mei har ploechgenoates Bianca Roosenboom en Manon Kamminga dominearret de rydster fan team Sprog it nasjonale kampioenskip.

By de manlju gong de winst op de 1000 meter nei Mark Horsten, wenjend yn Drachten. Michel Mulder waard twadde, Sjoerd Huisman tredde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)