Waadferiening: "Waadboaiem sakket hurder, Kamp moat yngripe"

24 nov 2016 - 20:23
(fotofoarbyld)

De Waadferiening wol dat minister Kamp yngrypt by de gaswinning fan de NAM ûnder de Waadsee. In ûnôfhinklike kommisje hat konstatearre dat de boaiem fan de Waadsee foar it twadde jier op rige hurder sakke is as dat de NAM foarspeld hie. De ôfspraak is dat by de gaswinning de hân oan de kraan hâlden wurdt, om foar te kommen dat der skea oan de natuer ûntstiet.

De Twadde Keamer hat earder dit jier de minister al witte litten dat der twifels binne oer dat prinsipe fan 'hân oan de kraan'.

Unakseptabel

De minister hat it rapport krigen en trochstjoerd nei de Keamer, mar sûnder derby te sizzen wat er dwaan sil om mear skea foar te kommen. De Waadferiening fynt dat ûnakseptabel.

Ternaard

De feriening freget de minister dan ek om de gaswinning stil te lizzen en al hielendal gjin nije winning ta te stean, lykas de NAM fan plan is by Ternaard. It Waadgebiet falt alle dagen foar in grut part drûch. Boaiemdelgong kin dêr fan grutte ynfloed op wêze en dêrmei op de natuer yn de Waadsee. De boaiem sakket no mear as ferwachte, nimmen wit hoe't dat komt en dochs mei de NAM trochgean mei de gaswinning. Dat binne foar de Waadferiening twa goede redenen om alarm te slaan.

Binnen de grinzen, seit NAM

Neffens de NAM bliuwt de boaiemdelgong troch de gaswinning binnen de grinzen dy't tastien binne. Dat konkludearje sy yn de jierlikse rapportaazje. De Commissie Milieu Effect Rapportage fynt dy konklúzje oannimlik. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)