Amazône Rixt van der Horst moat rêst nimme nei auto-ûngelok

© Omrop Fryslân
Paralympysk amazône Rixt van der Horst moat it de kommende tiid rêstich oan dwaan. Se hat in pear wiken lyn in auto-ûngelok hân en troch de klap fan de airbag hat se in lichte harsenskodding oprûn. Rixt kin no net folút traine en dêr baalt se fan. Se hat fan 'e wike wol wer even riden, mar docht it rêstich oan. Troch har ûngelok mist se in ynternasjonale wedstryd yn Roosendaal, omdat se net genôch traind hat.
Op har webloch skriuwt se: "Ik baal er flink van, want ik heb het paardrijden wel nodig om fit en los te blijven. Daarom ben ik deze week rustig aan begonnen en heb ik weer twee keer in het zadel gezeten. Ik heb wel nog hoofdpijn en daar moet je voor oppassen want de kans bestaat dat je dan hoofdpijn houdt."
Rixt hat foarearst noch gjin belangrike wedstriden op it programma stean. "Er is nog wel een internationale wedstrijd in Roosendaal eind november, maar daar kom ik niet aan de start omdat ik niet genoeg heb kunnen trainen. Ik wil niet half gaan. Het is voor nu eerst kijken hoe het met mij gaat en dan kijken we wel weer naar de wedstrijden."