Drinkwetterpriis Vitens leechste fan Nederlân

Kraanwetter © Omrop Fryslân, Karen Bies
We binne takom jier itselde kwyt foar ús drinkwetter as dit jier. Drinkwetterbedriuw Vitens hâldt it taryf gelyk: yn trochsneed 114 euro yn it jier. Dêrmei is Vitens it bedriuw mei it leechste konsumintetaryf fan Nederlân. Vitens set derop yn om dat sa te hâlden, seit it bedriuw.
It drinkwettertaryf is de ôfrûne tsien jier net mei de ynflaasje mei omheech gien, wylst dat wol sa is mei konsuminte-artikelen lykas kofje, ierappels en molke.