XXL-advintskalinder fertelt krystferhaal op 30 kante meter

De Jouster menistetsjerke yn de Midstrjitte is dwaande om de grutste advintskalinder fan Nederlân del te setten. De XXL-kalinder is fiif by seis meter grut en fertelt fjouwer ferhalen yn oanrin nei de krystdagen. De tsjerke hat it projekt opset yn gearwurking mei de Dr. Wumkesbasisskoalle. Yn totaal wurde der fjouwer ferhalen ferteld, makke troch frijwillige skriuwers en keunstners. Predikant Dirk Jan Steenbergen: "Deze zondag wordt het eerste verhaal opgehangen. Op laagdrempelige wijze willen wij mensen over Kerst vertellen."
En der mei bêst wat humor by brûkt wurde. "In het vierde verhaal wordt het kerstverhaal verteld vanuit het perspectief van een ezel, maar ik wil niet teveel vertellen. Mensen moeten eigenlijk zelf maar komen kijken."