Earste bewenners komme oan by azc yn Snits

By it azc yn Snits binne tongersdeitemoarn de earste bewenners oankaam. It giet om gesinnen út Syrië. Boargemaster Hayo Apotheker hat se persoanlik wolkom hjitten. Der is yn it asylsikerssintrum yn Snits plak foar seishûndert minsken. Nei alle gedachten streamt it azc de kommende wiken stadichoan foller. Bedoeling is dat der op It Hearrenfean ek noch in asylsikerssintrum komt.
Henk Wolthof fan it COA Noard: "Er is nu niet een grote instroom van vluchtelingen, maar we willen graag een buffer hebben. Als we iets verder kijken, dan willen we niet opnieuw verrast worden door nieuwe instroom."