Sanearring gebiet fan delstoarte strieljager Bitgum is klear

© ANP
De sanearringswurksumheden by De Bodde yn Bitgum, dêr't dizze simmer in strieljager delstoarte, binne yntusken ôfrûne. Op tongersdei 9 juny fan dit jier stoarte in Switsersk fleantúch del by in fiver yn Bitgum. Nei it ûngelok waard it gebiet ôfset en bewekke troch personiel fan Definsje. Yn de moannen dy't folgen, waard it plak fan it ûngelok sanearre. Sa is it wetter skjinmakke en is it gebiet by de fiver wer op oarder makke.
Om't der ferskate organisaasje belutsen wienen by de wurksumheden en der oanfoljend ûndersyk útfierd wurde moast, duorre it inkelde moannen foardat it klear wie.