Kollum: ''Filter bubble''

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.
''Wist dat ik eins noch altyd net hielendal bykommen bin fan Trump’s oerwinning yn de VS? Krekt as we no yn in hiel oare wrâld libje. Ik seach juster noch mar ris by CNN: no’t der presizer teld is, stiet Clinton 1,6 miljoen stimmen foar op Trump. Mar ja, de kiesmannen, he.
We hearre Trump no al werom kommen op de ûnsin dy’t hy der yn de ferkiezingsstriid útsmiten hat, sa as it bouwen fan in muorre op ‘e grins mei Meksiko, en dat Meksiko dat dan betelje sil. Hoecht fan him net mear sa. Hillary ferfolgje en yn ‘e gefangenis smite, hoecht ek net mear.
Ik wit net oft it tafalle sil. Wol meitsje ik my grutte soargen oer it miljeu. Mei it klimaat kin Trump al in soad skea oanrjochtsje foar de ivichheid en foar de hiele wrâld. It is in bytsje as mei de sneldyk dwers troch de Tsjûkemar: wannear dy der ien kear leit, is de natuer foar altyd fuort.
Ja, dy ferrekte kiesmannen. It wurdt net mear oars hear, Trump is it. Mar dat hast net ien it oankommen seach. Dat is sa nuver. En de kommentatoaren ha it der ek mar drok mei. Se reitsje net útpraat oer de filter bubble:
Fragmint út Argos (VPRO): ‘U kunt het zich zo voorstellen. Als u vrienden heeft op Facebook en die hebben bepaalde interesses, laten we zeggen: ze lezen graag bepaalde kranten. Dan heeft dat invloed op wat u te zien krijgt. Dus als uw vrienden de Volkskrant lezen, dan is de kans groter dat u artikelen van de Volkskrant in uw timeline te zien zal krijgen.’
Daphne van der Kroft fan Bits Of Freedom leit it hjir goed út, yn it Radio1-programma Argos fan in moanne lyn. In soad minsken hawwe hjoed-de-dei gjin krante mear, en helje harren nijs fan Facebook. En it ferskil tusken dy twa is gigantysk.
It punt is dus dat Facebook nei in skoftke wit wat foar ûnderwerpen asto tiid oan bestegest. Sjochsto nei in filmke oer de JSF, dan krigest mear fleantugen. Klikst op in link nei wat oer Skylge, dan krigest mear Waadgebiet. En reagearrest op in berjochtsje oer Jacob Stelwagen, dan krigest mear 'morning radiostars'.
Troch Facebook komme we yn ús eigen bubble telâne, mei nijs dat ús wol skikt. ‘En waarbij we steeds minder nieuws of informatie zien, waar we natuurlijkerwijs niet mee in contact komen. En dat versterkt dus onze eigen meningen’ - Daphne van der Kroft. No wurdst allinnich mar befêstige yn dyn eigen gelyk, do hearst gjin tsjinlûden mear.
Alexander Klöpping is de man achter Blendle, de Netflix fan de kranteberjochten. Hy hat in podcast, en dizze wike sei hy dat we yn in nij tiidrek belâne binne. ‘In een wereld waarin iedereen uit z’n eigen filter bubbel dingen aan het consumeren is - wat altijd theoretisch was, maar het is er, we zijn gearriveerd in dat tijdperk - heeft niemand onder de veertig een abonnement op een krant. De facto krijgt iedere kiezer onder de veertig het meeste nieuws via platforms.’
Platfoarms binne dan bygelyks Facebook, Instagram en Snapchat. Alexander makket him dêr grutte soargen oer. ‘Ik lees al tien jaar over de filter bubble en ik heb altijd gedacht: ja ja, leuk, dat wordt vast een ding, als een soort gedachte-experiment. En nu is het er. En dan kijk ik naar mijn moeders Facebook tijdlijn, en dan denk ik echt holy shit. Echt alsof je in een andere wereld kijkt.’
In hiel oare wrâld. Sa’t we no in hiele oare wrâld ha mei Trump en syn kiesmannen. En dan betink ik dat wy yn Nederlân oer goed trije moannen ek ferkiezingen ha. Hat it algoritme fan Facebook ynfloed hân op it resultaat fan de ferkiezingen yn Amearika. En hoe komt dat hjir? Dy ferrekte kiesmannen. Wiene der mar wat mear kiesfrouwen…''