Fryske PvdA'ers lilk op Haachske partijgenoaten

23 nov 2016 - 22:24

De Twadde Keamerfraksje fan de Partij van de Arbeid moat it stânpunt oer de bêd-bad-bôle-regeling feroarje. Dat fynt in aksjegroep fan Fryske PvdA-leden. De fraksje hat him der by dellein dat it Ryk net langer betelje wol foar de opfang fan útprosedearre asylsikers, mar de aksjegroep Vijf voor Rood wol dat de fraksje de steatssekretaris weromstjoert nei de ûnderhannelingstafel.

Yllúzje

De opstelling fan de fraksje falt bot ôf, seit Steatelid Hetty Janssen fan de aksjegroep. Se hat net de yllúzje dat se de beslútfoarming yn Den Haag beynfloedzje kinne, mar se wol graach in linkser lûd hearre litte.

De minsken dy't by de foarige ferkiezing op de Partij van de Arbeid stimd ha, herkenne har net mear yn de partij, seit de aksjegroep. De PvdA hat op dit stuit 38 sitten yn de Twadde Keamer, mar yn de lêste peilingen bliuwt dêr de helte noch net fan oer.

Trefwurden: 
PvdA Vijf voor Rood
(Advertinsje)
(Advertinsje)