Alvestêdebestjoer yn iishal

19 maaie 2012 - 11:50

Der binne plannen foar in gearwurking tusken de direksje fan de Ljouwerter iishal en foarsitter Wiebe Wieling fan de feriening Fryske Alvestêden. As it oan de direksje fan de iishal leit krijt it bestjoer fan de Alvestêden in plakje yn de nije iishal. De gemeenteried moat oer de bou dêrfan nije wike woansdei in beslút nimme. De nije hal wurdt 'Elfstedenhal' neamd.

De bou fan in 300 meter baan kostet 13 miljoen euro, dy fan in 400 meter baan 16 miljoen. Der moat in beslút nommen wurde, omdat de besteande hal oer twa jier ticht moat.

De technyske ynstallaasje is no al ôfkard. It bestjoer soe yn it nije gebou in bestjoerskeamer krije kinne en der soe by in tocht yn de hal ynskreaun wurde kinne.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht iishal
(advertinsje)
(advertinsje)