Learlingen ferpleechkunde rinne wike mei militêren mei

25 MBO-learlingen binne dizze wike ûnderdiel fan de genêskundige troepen fan de militêre kazerne yn Havelte. Se folgje de oplieding ta militêr ferpleechkundige yn Ljouwert. De hiele wike krije se in militêre training spesjaal rjochte op medyske soarch.
It is foar de learlingen in moaie wize om yn de kunde te kommen mei it fak der't se foar leare. Nei de oplieding binne se net ferplichte om it leger yn te gean.