Boargerwacht St Nyk giet troch

De burgerwacht fan Sint Nyk giet yn oktober fierder mei it survaillearjen yn it doarp. De aksjegroep Feiliger Sint Nyk freget de gemeente wol om in finansjele bydrage fan 50.000 euro. Dat is foar in auto, bensine en klean foar de frijwilligers.
Fiif wiken lang rieden doarpsbewenners nachts troch it doarp omdat der in soad ynbrutsen waard. Neffens de aksjegroep wie dat in súkses omdat der yn dy perioade net ynbrutsen waard. No't de boargerwacht in pear wiken lyn ophâlden is, waard der wer in pear kear ynbrutsen.