Bern fan De Bron yn Dokkum dogge mei oan Daily Mile

© ANP
Kristlike basisskoalle De Bron yn Dokkum docht sûnt woansdei offisjeel mei oan The Daily Mile. Ald-reedrider Erben Wennemars joech dêrfoar it offisjele startskot. De Bron is de 100ste skoalle yn Nederlân en de 20ste skoalle yn Fryslân dêr't de bern alle dagen in kertier hurddrave.
Ut ûndersyk fan it RIVM docht bliken dat bern tefolle stilsitte. Troch alle dagen ferplichte 15 minuten te draven op skoalle krije de bern mear beweging. Dat is posityf foar de konsintraasje en de sûnens, sa is it idee.