Fenna Bergsma is hast op de helte fan har meunsterkajaktocht

23 nov 2016 - 14:30

Fenna Bergsma fan Reduzum hat al 2000 kilometer ôflein yn in kajak. Ein augustus begûn se yn Amsterdam mei twa freonen oan de tocht fan 5500 kilometer nei Italië. Se wolle hjirmei jild ophelje foar de bernesykte 'Batten'. Se lizze no stil fanwegen in stoarm by Marseille yn de buert. Se sille noch om hiel Italië hinne farre en hoopje dêrmei 16.500 euro op te heljen foar de seldsume sykte dy't in soarte fan Alzheimer by bern is. Se ha no sa'n tredde part ophelle.

"It giet hartstikke goed, we ha oant no ta moai waar hân en ek oer see gie it prima. Myn spierballen binne hiel bot groeid," laket Fenna. "Yn it binnenlân fan Frankryk wie it ek geweldich, we ha fan alles sjoen op de rivieren en kanalen. Mar no wurdt it winter, dat is spannend. As it bygelyks hurd waait, kinne we net farre. En froast sil ek pittich wurde."

De rûte is op de webside fan it trio te folgjen. Ek kinne minsken dêr sjen hoe't se de tocht stypje kinne.

Trefwurden: 
Fenna Bergsma kajak Reduzum
(Advertinsje)
(Advertinsje)