Mûzen by behanneling wet natuerbeskerming

Yn natoergebiet De Twizelermieden © Omrop Fryslân - Remco de Vries
Mûzen rukke op yn it provinsjehûs yn Ljouwert. Waarnimmend kommissaris fan de kening Joan Leemhuis-Stout sei woansdeitemoarn yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten dat se mûzen op de gong by har keamer sjoen hie. Frou Leemhuis sei dat op in tapaslik momint yn 'e Steaten, by de ymplemintaasje fan de wet natuerbeskerming dy't op 1 jannewaris fan krêft wurdt.
Yn dy nije wet geane trije besteande wetten op: de natuerbeskermingswet, de floara- en faunawet en de boskwet. Fan 2017 ôf wurdt de provinsje ferantwurdlik foar it útbeteljen fan faunaskea. Oft de provinsje wat dwaan sil oan de mûzen yn it provinsjehûs, waard by de gearkomste net dúdlik.