MCL krijt grutste spoedeaskjende help fan it Noarden

It MCL yn Ljouwert krijt de grutste spoedeaskjende help fan Noard-Nederlân. It sikehûs is troch de groeiende fraach nei soarch ta oan in grutter gebou. Yn de nijbou komme de spoedeaskjende help, nije operaasjekeamers en Revalidaasje Fryslân.
Boargemaster Ferd Crone en direksjefoarsitter Kees Donkervoort fan it MCL ha woansdei de earste peal fan de nijbou slein. Dy moat oer in jier klear wêze. Om de nijbou realisearje te kinnen wie in nij kontrakt mei soarchfersekerder De Friesland nedich.
Top fiif
It sikehûs en de soarchfersekerder hawwe foar de kommende fiif jier ôfspraken makke, mei in wearde fan hûnderten miljoenen euro's. Dêrom doarden banken te ynvestearjen yn de nijbou. Minsken dy't ienfâldige en komplekse soarch nedich ha, wurde yn de nije ôfdieling fan mekoar skieden. Mei de nijbou wol it MCL binnen in pear jier yn de top fiif fan net-universitêre sikehûzen komme.