Seis flechtlingen net nei Ingelân mar nei Ljouwert

23 nov 2016 - 11:38

Unferwachte gasten tiisdeitejûn by gruthannel Kooistra op De Hemrik yn Ljouwert. Seis flechtlingen krûpten út in frachtwein dy't út Ingelân kaam. De groep hie him by in tuskenstop yn Calais tusken de doazen boartersguod ferstoppe, mei de gedachte dat de frachtwein nei Ingelân ride soe. Mar de einbestimming wie Ljouwert.

Doe't de frachtwein by de gruthannel stilstie om lost te wurden, sniene de manlju it dekseil iepen en naaiden foar de eagen fan de ferbjustere sjauffeur út. It bedriuw hat de plysje belle.

De yllegalen binne noch hieltyd spoarleas.

Trefwurden: 
flechtling yllegaal
(advertinsje)
(advertinsje)