FIDEO: Fryske hynders ferhúzje fan greide nei stâl

23 nov 2016 - 10:52

Wannear't it bûten kâlder en wieter wurdt, is it tiid om fôlen fan de greide nei de stâl te ferpleatsen. ''Dizze trije hynsten hawwe de hiele simmer yn de greide stien en moatte sa no en dan efkes ferhuze wurde'', leit Yvonne Horjus fan Stal fan 'e Goëngamieden út. Dat kin mei in trailer, mar ek troch in âlder hynder liede te litten. ''Hynders binne flechtbisten en binne dus eins benauwd foar alles, sa ek foar de grutte trailer,'' fertelt Yvonne. 

Yn de fideo is te sjen hoe't Frysk hynder Uniek fan 'e Goëngamieden de fôlen nei de stâl liedt. De jonge hynders sjogge it folwoeksen hynder as lieder en folgje him dêrtroch sûnder eangst nei de stâl ta. Yn de winter groeie de hynders hjir fierder yn groepsferbân op.

Trefwurden: 
Frysk hynder stâl greidlân
(advertinsje)
(advertinsje)