Taalplan: Fryske les krijt mear omtinken op skoallen

23 nov 2016 - 16:04

Foar Fryske les op skoallen komt mear omtinken en tiid. Dat is it doel fan it Taalplan Frysk. In tal ûndersikers is yn opdracht fan de provinsje mei in ynventarisaasje dwaande op alle 420 basisskoallen en 80 skoallen foar fuortset ûnderwiis. Se ha al by sa'n 100 skoallen west foar in ynterview. De fragen geane oer de tiid dy't oan Fryske les bestege wurdt, de metoade en de fiertaal op skoalle. Doel is dat der better sicht komt op wat it nivo is fan de Fryske lessen en om skoallen te helpen mei bettere metoaden en bettere toetsing.

Ferplichte

Frysk is wetlik ferplichte, mar de iene skoalle docht der folle mear oan as de oare. Yn de Stellingwerven en op de Waadeilannen kinne skoallen in ûntheffing krije. Skoallen dêr't net folle Frysk praat wurdt, bygelyks yn de stêden, kinne foar in part frijstelling krije. Mar as skoallen mear omtinken jouwe oan Frysk, krije se ek mear jild fan de provinsje. It ûndersyk nei it Frysk op de skoallen duorret noch oant ein 2017. It foech foar it ûnderwiis Frysk is in pear jier lyn oergien fan it Ryk nei de provinsje Fryslân.

Undersyk

Yn Fryslân Hjoed fertelt Albert Walsweer oer it ûndersyk. Hy is projektlieder fan it Taalplan Frysk. Syn ûnderfining is dat hast alle skoallen entûsjast reagearje op syn komst, ek al dogge se net safolle mei it Frysk. Soms fine de skoallen sels ek dat se temin oan it Frysk dogge. Yn stêden wurdt hast neat dien oan Fryske les. Soms wurdt wol praat yn it Frysk, mar skreaun hielendal net. Op it skoalplein wurdt hieltyd mear Nederlânsk praat.

Wynwizer

Ferslachjouwer Karen Bies seach by obs Wynwizer, in basisskoalle yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. Op dizze skoalle wurdt net Frysk praat, allinnich Frysk as fak jûn. By de jongste groepen wurdt wol Frysk foarlêzen en sa no en dan Frysk songen. In soad âlden hawwe net folle mei it Frysk. Direkteur Bosscha fynt it Frysk belangryk en ûnder it personiel is in positive hâlding foar it Frysk. Hy wol sels nij belied foar it Frysk op skoalle ûntwikkelje.

Demonstraasje

Op 22 desimber wurdt op it Wilhelminaplein yn Ljouwert in demonstraasje hâlden foar better ûnderwiis yn it Frysk. Neffens Nynke Beetstra fan it aksjekomitee is it in minskerjocht foar bern om fatsoenlik les te krijen yn har eigen taal. It is wetlik ferplicht om Frysk te jaan, mar yn de praktyk dogge in protte skoallen it der 'mar in bytsje op ta'. As it ferplicht steld is, moat it ek toetst wurde en dat wurdt amper dien.

Trefwurden: 
Frysk ûnderwiis
(advertinsje)