Frjentsjerter fertocht fan fraude mei PGB-jild

23 nov 2016 - 10:33
Foto: Omrop Fryslân

In 67-jierrige man út Frjentsjer is oanholden om't hy foar 400.000 euro fraudearre hawwe soe mei PGB-jild. Tusken 2014 en maaie 2016 kamen by de plysje seis oanjeften binnen dat de man net goed mei it jild omgien wie. De Frjentsjerter hie in ienmanssaak om PGB-jild te behearen, rekkens te beteljen oan soarchferlieners en as helpferliener. Spesjalisten fan de finansjele resjerzje hawwe ûndersyk dien nei de boekhâlding fan de man. Dy kin fjouwer ton net ferantwurdzje. Justysje wol dit jild weromfoarderje.

De man is ein oktober oanholden, mar mei de rest fan it ûndersyk thús ôfwachtsje.

Trefwurden: 
fraude PGB Frjentsjer
(advertinsje)
(advertinsje)