CDA-fragen oer de belestingtsjinst en it Frysk

23 nov 2016 - 10:12

Deputearre Sietske Poepjes sil yn petear mei de belestingtsjinst oer it brûken fan it Frysk. Poepjes sei dat nei oanlieding fan fragen fan it CDA. De partij hie de kollum fan Nynke van der Zee op Omrop Fryslân radio heard, ôfrûne moandei.

Dêryn sei Van der Zee dat se fanwege nije ANBI-regels (Algemeen Nut Beogende Instellingen) de webside fan Doarpsbelang Aldegea Smellingerlân oanpast hie. Yn it Frysk. De belestingtsjinst gie dêr lykwols net mei akkoart. Van der Zee hie dat yn it Nederlânsk en Ingelsk dwaan moatten.

It CDA fynt dat net kinnen en deputearre Poepjes is it dêrmei iens.

Sûnt koart moatte ynstellingen harren ANBI-status transparanter op de side melde. Dan giet it ûnder mear oer in sichtber pleatsen fan in finansjeel jierferslach, beliedsplan en doelstellingen fan de ynstelling.

(advertinsje)
(advertinsje)