Kollum: "Ealjebijsnêst"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"Albert van Keimpema fan Tsjerkgaast is sjoernalist. Hy skriuwt mei it skaaimerk fan de Tillegraaf. Mar sels dêr sitte in hiel soad jonges dy’t my ferteld ha dat se Van Keimpema fierstente grouwélich fine; net earlik genôch om yn it fak te bliuwen. Se ha him dêr útskopt. Sa’t elk him oeral útskopt hat fanwegen ôfspraken net neikomme oant gjin betrouwen yn ha. Ik wit noch wol mear, mar dat witte net safolle minsken, dus dêr âldehoer je net oer. Want je moat altyd tsjin elkenien je respekt toane. No soe Van Keimpema net de muoite wurdich wêze om der wurden oan te besteegjen, mar ik lies ferline wike in column fan him yn it novimber/desimber nûmer fan syn Fries Journaal. Dêr is ek de Zakenspiegel , it blêd fan de Fryske ûndernimmers yn opnaam. En Fryslân Culinair, al ha guon restauranthâlders de lêzers al frege om dy side mar út dat Fries Journaal te skuorren.
Yn de column skriuwt Van Keimpema foar de safolste kear de lêste trije jier op in ûnbehoarlike wize oer de eardere foarsitter en trainer fan de SC Hearrenfean, Riemer van der Velde en Foppe de Haan. It is sa fiis, dat ik net iens sitearje wol, mar om it efkes dúdlik te meitsjen: yn de earste sin sit Foppe al as in pappegaai op it skouder fan Riemer. Yn dy styl. Foar de safolste kear ferbrekt Van Keimpema it sjoernalistike kredo. Dat je mei elk fan miening ferskille meie, mar dat je elkoar net misledigje. Van Keimpema mislediget minsken. Hy fynt yn syn column bygelyks âld-spiler Gerald Sibon in hork. Dat is al op it rântsje, mar sûnt Trump kin we dat ha. Mar hy seit ek dat Sibon mei falske ynformaasje minsken bedonderet, sûnder dat ek mar te bewizen. Kretology.
Van Keimpema hat lang wurke foar de SC Hearrenfean. Bleau dat ek dwaan neidat Van der Velde ôfskied naam hie as foarsitter. Begûn him doe ôf te setten tsjin eardere bestjoerders, dy’t him nota bene altyd fan wurk foarsjoen hiene. Hy stipe it belied fan de doedestiidse direkteur Robert Veenstra. Dat is prima. Mar as je dat dan net oars dwaan kinne as yn it fiis fuortsetten fan Riemer, syn frou Annie, fan Foppe en fan oaren, net te begripen. De wize wêrop as hy dat die, hat in hiel soad minsken tige sear dien. Je kin je net ferdedigje tsjin sok geskriuw. Doe’t Veenstra ferdwûn, rekke Van Keimpema yn in soarte fan nirwana. Hy koe net mear wurkje foar SC Hearrenfean en de minsken rûnen om him hinne. Dêr kin Van Keimpema blykber net oer. Hy wol no wraak.
Yn de column yn Fries Journaal en sneon ek by Hearrenfean-Vitesse kundige Van Keimpema oan dat hy in boek skreaun hat oer de sitewaasje by Hearrenfean tusken 2006 en 2016. Hy neamt it in “ûnthullend relaas”, dus hy seit tusken de rigels troch dat alle sjoernalisten dy’t dat yn dy tsien jier net sjoen ha, kloaten binne.
No siet Van Keimpema der ek net altyd by. Dus ik bin wol benijd wa’t him dan al dy “ûnthullende saken” ferteld hat. Hy krige ek net by elk syn gerak, want hy skriuwt dat sjoernalisten as Johan Derksen, Johan Mast fan de Ljouwerter en Jaap de Groot fan de Tillegraaf oan de liedbân fan Riemer rinne soene. Dan neam je krekt in pear tige ûnôfhinklike jonges, dy’t har eigen paad wol sykje kinne.
Van Keimpema hopet fansels dat Riemer, Foppe, Jelko en oaren him foar it gerjocht dage sille. Dan ferkeapet it boek wat better. Dêrom stiet Wilders ommers ek foar de rjochter. Mar dat moat dan mar. En as je dat dogge krekt as ik no, dan wit je; binnen in pear dagen sille jim earne lêze of hearre dat ik absolút net dooch. Dat nim ik dan mar. Want elk hat yn Fryslân rjocht om te witten hoe’t it wol ynelkoar stekt
It boek fan Van Keimpema hyt Het Wespennest. As ik syn column fan novimber der by nim, dan kin ik al sjen dat in hiel soad minsken yn dat boek kwetst wurde sille. Mar it is dochs hiel simpel. Wespen, ealjebijen, kin ek wol hiel hurd werom stekke.