Noppert oerwaget stap nei oansprekkender dartbûn PDC

22 nov 2016 - 23:10

Darter Danny Noppert fan De Jouwer beslist ynkoarten oer syn takomst. De 25-jierrige Noppert sit no by dartbûn BDO, dat minder oanskreaun stiet as de PDC, it oare bûn. In oerstap is oantreklik foar him, om't it priisjild by de PDC stikken heger leit. "Ek binne der bettere tsjinstanners. Dan kin ik yn harren nivo meigean", fertelt Noppert.

Ferline wike darte de Jouster noch tsjin Raymond van Barneveld en wrâldkampioen Gary Anderson. Tiisdeitejûn stie er 'gewoan' mei syn maten kompetysje te darten yn de kroech op De Jouwer.

Wurch

Yn Ingelân die Noppert de ôfrûne wike mei oan de Grand Slam of Darts. Hy ferlear mar krekt fan Anderson (10-9). Syn prestaasjes dêr hawwe him op 'e kaart set. "It wie in drege wike en ik haw wol in pear dagen wurch west. Mar ik stean no wer mei beide fuotten op de grûn."

Oerstap liket wis

Noppert hat de kar noch net makke. Hy wol der noch langer oer neitinke, mar in oerstap liket foar him wol wis. "Op den duer wol, mar wannear wit ik noch net", seit Noppert. Nei syn goede prestaasjes op de Grand Slam of Darts fan ôfrûne wike hat er in soad omtinken krigen fan managers en sponsoaren. In hiel soad minsken wolle him begeliede. Ek Michael fan Gerwen, de bêste darter fan de wrâld, hat syn help ferline wike oanbean oan Noppert.

Lakeside

Yn jannewaris stiet it wichtichste toernoai op it program foar Noppert. Dan is de Lakeside, it wrâldkampioenskip fan de BDO. Noppert docht foar it earst mei. Hy is as tredde pleatst. Hy is ambisjeus. "Winst is realistysk. Ik tink dat it kin."

Trefwurden: 
Danny Noppert darten BDO PDC
(advertinsje)