Boeren wolle emigrearje fanwege fosfaatregels

Der is grutte belangstelling by de Fryske boeren om te emigrearjen. Troch de strange wetjouwing en de ûndúdlikens oer de nije fosfaatregels yn Nederlân lûkt it bûtenlân hieltyd mear. Dat fernimt it bedriuw AgriTeam International. Dat bedriuw helpt boeren by de ferkeap fan harren melkfeehâlderij en de keap fan in nije ûndernimming yn it bûtenlân.
Tiisdei wie yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean in ynformaasjejûn oer Dútslân. Dêr kamen hast fyftich boeren op ôf. Ek foar oare lannen lykas Kanada en Denemarken is de ynteresse grut.