Argewaasje yn Ljouwert oer ynlûken parkearûntheffingen

22 nov 2016 - 21:47
It Skavernek yn Ljouwert - Foto: Google Street View

It ynlûken fan de parkearûntheffingen fan 1 jannewaris kommend jier ôf soarget foar argewaasje yn Ljouwert. Ferskate ûndernimmingen, ynstellingen en partikulieren hawwe krityk op it beslút. Dat seit de Ljouwerter PvdA-fraksje.

De partij hat fragen steld oer de saak oan it kolleezje fan b. en w. Se wolle ûnder oare witte hoefolle reaksjes oft de gemeente krigen hat op it ynlûken fan de parkearûntheffingen en oft it beslút mooglik ek opnij oerwoegen wurde moat.

(advertinsje)
(advertinsje)