Janpier Brands giet fuort by poppoadium Neushoorn

Janpier Brands (rjochts) by de winneres fan it Lietfestival, earder dit jier © Liet
Algemien direkteur Janpier Brands giet fuort by poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Hy sil fan 1 febrewaris takom jier ôf oan de slach by Worm, in ynstitút foar avant-gardistyske rekreaasje yn Rotterdam. Hy wurdt dêr algemien direkteur en sil him dêr dwaande hâlde mei de programmearring fan muzyk, teäter en film.  Brands wie sûnt jannewaris 2015 wurksum as direkteur by Neushoorn.
Brands: "Foar my is Worm de moaiste klup fan it lân yn de moaiste stêd fan it lân. It wurdt in hiele feroaring en ik haw der in soad sin oan."