Rotonde moat Poststrjitte It Hearrenfean feiliger meitsje

Der komt in grutte rotonde yn de K.R. Poststrjitte oan de eastkant fan de A32 by It Hearrenfean. Hy komt op it plak fan de ferkearsljochten, en moat derfoar soargje dat it ferkear better trochride kin op de A32 en de tagongsdiken. Dat is tiisdeitejûn sein tsjin bewenners fan de Poststrjitte en de direkte omjouwing op in spesjale ynformaasjejûn.
De gemeente, Rykswettersteat en de provinsje hawwe ferskate fan dit soart jûnen hân wêrop't bewenners frege waard om mei te tinken oer oplossings foar it hieltyd drokker wurdende ferkear.
Neist de K.R. Poststrjitte is it ek de bedoeling de Oranjeleane oan te pakken. De plannen dêrfoar binne lykwols noch net hielendal klear. Beide tagongsdiken fan de A32 moatte yn 2020 klear wêze. It wurk begjint yn 2018.