Tsjûgen oerfal socht

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in oerfal tongersdeitemiddei oan de Bulthuissingel yn Burgum. In jonge (16) út it doarp waard doe bestellen fan syn telefoan.
Hy siet op in muorke doe't in jonge op him ôfkaam en frege oft er syn telefoan brûke mocht. De Burgumer woe dat net lije, wêrop't de fertochte him de telefoan út de hannen luts. Hy soe útnaaie op syn scooter, mar in frou dy't foarby kaam, pakte de kaai fan de scooter. De fertochte biet har doe yn de hân, krige de kaai wer te pakken en naaide doe toch út.