Kollumerlân: Protest tsjin besette 4G-frekwinsje sinleas

© ANP
De gemeente Kollumerlân komt net yn it gewear tsjin it ferbod op it brûken fan de frekwinsjebân dy't rap ynternet mooglik meitsje kin. De skûtelantennes by Boerum brûke deselde frekwinsjebân dy't mobile telefoanoanbieders ek graach brûke wolle foar 4G-ynternet. De 'Grutte Earen' wurde lykwols brûkt troch de AIVD, MIVD. Der binne ek ynternasjonale ôfspraken mei de Amerikaanske oerheid oer it brûken fan de frekwinsje. Neffens it kolleezje fan Kollumerlân hat it dêrom gjin doel om te protestearjen.