Partij Monasch "zeer waarschijnlijk" by Keamerferkiezings

22 nov 2016 - 19:51
Jacques Monasch - Foto: Omrop Fryslân

De kâns dat Jacques Monasch mei in eigen partij meidocht oan de Twadde Keamerferkiezings is "zeer waarschijnlijk". It Snitser eks-PvdA-Keamerlid seit dat er it kommende wykein de knoop trochhakt. Neffens Monasch moat der ynhâldlik en organisatoarysk noch wat punten op de i set wurde.

Monasch stapte fjirtjin dagen ferlyn út de PvdA, om't er net meidwaan mocht oan de ynterne ferkiezings foar de listlûker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)