Sjerp Jaarsma: Earste bankoerfal wie hûndert jier ferlyn

De alderearste bankoerfal fan Nederlân wie hûndert jier lyn, yn Winschoten yn Grinslân. Dat is ien fan de dingen dy't te lêzen is yn in boek oer de grutste bankoerfallen fan de lêste hûndert jier yn Nederlân en België. It boek is skreaun troch Sjerp Jaarsma út Balk. De oerfaller hat 20 jier yn de finzenis sitten, ek yn Ljouwert. Yn dyselde eardere finzenis, de Blokhúspoarte yn Ljouwert, wurdt it boek woansdei presintearre.