Bouwmeester pakt pear plakken

© Richard Langdon
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is freed wer in pear plakken klommen yn it algemien klassemint by it WK Laser Radial yn it Dútse Boltenhagen. Se stiet nei acht races no op it fyfde plak, 23 punten achter de Sineeske nûmer ien, Lijia Xu.
Yn it Ingelske Falmouth is Pieter-Jan Postma fan Terkaple freed definityf op it njoggende plak einige by it WK yn de Finn-klasse. De medal race gie net troch, omdat der te min wyn stie.