Wensoarchsintrum Spiker yn Ternaard giet ticht

22 nov 2016 - 16:53

Wensoarchsintrum Spiker yn Ternaard giet yn 2017 ticht. Dat hat soarchoanbieder en eigener Kwadrantgroep besletten. De earste ferdjipping fan it ferâldere gebou foldocht net mear oan de easken fan brânfeiligens.

De 38 bewenners fan it soarchsintrum krije help by it ferhúzjen. Der is plak yn De Skûle yn Mitselwier en yn Dongeraheem yn Dokkum. Op it stuit binne der petearen tusken ferskate partijen oer in nij soarchkonsept foar it doarp Ternaard. Foar de meiwurkers wurdt socht om in oare passende baan yn de Kwadrantgroep.

Nije soarch- en aktiviteitesintrum

Yn Spiker wenje âldere minsken út Ternaard en de doarpen yn de omkriten. Doel foar de takomst is dat minsken sa lang mooglik thús wenje yn it eigen doarp. Se krije dan thús profesjonele help en yn Ternaard komt in lokaasje foar soarch, sosjale stipe en dei-aktiviteiten. Fierders wurde besteande huzen oanpast sadat dêr groepen yn wenje kinne. By it nije wensoarchplan is ek de wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard belutsen.

Húsfêsting

Wy fiele ús mei-inoar ferantwurdlik foar it bieden fan goede húsfêsting en soarch foar de bewenners, seit bestjoersfoarsitter Jonkers fan de Kwadrantgroep.

Trefwurden: 
Spiker Ternaard Kwadrantgroep
(Advertinsje)
(Advertinsje)