Achtkarspelen jout gjin jild mear foar selsferdigening bern

Selsferdigening (argyffoto) © ANP
De FNP yn Achtkarspelen wol witte wêrom't de gemeente de sport Kids Streetdefense net mear subsidiearret. Dat is in sport wêrby't bern leare om harsels te ferdigenjen. Twa jier lyn waard der yn Koatstertille mei begûn en wiene it foaral bern út gesinnen mei in leech ynkommen dy't meidiene. Dêrom betelle de GGD in diel fan de kosten. Letter die de gemeente dat, mar sûnt dit jier net mear.
It is de FNP net dúdlik wêrom net, net ien by de gemeente hat der in antwurd op. De FNP freget boargemaster en wethâlders om opheldering.