Trije jonges fan 13 oanhâlden foar besit yllegaal fjoerwurk

22 nov 2016 - 14:30
Yllegaal fjoerwurk - Foto: Twitter, @Lukas_Westerhof

Trije jonges fan 13 jier út Drachten binne oanhâlden foar it feroarsaakjen fan fjoerwurkoerlêst en it yn besit ha fan ferbean fjoerwurk. De plysje krige sneon in melding dat de trije jonges mei fjoerwurk dwaande wiene by winkelsintrum De Drait.

By de jonge Drachtsters thús waarden 5 kobra's, 75 nitraatbommen en 720 stiks swier Belgysk knalfjoerwurk fûn. It giet yn alle gefallen om yllegaal fjoerwurk. De jonges wurde de kommende wike fierder heard. Ien fan de âlden wurdt ek as fertochte sjoen.

(advertinsje)
(advertinsje)