Frou slim ferwûne by ûngelok

18 maaie 2012 - 18:02

In 24-jierrige automobiliste út Easterwierrum is freed swier ferwûne rekke by in ferkearsûngelok ûnder Wiuwert. In 16-jierrige trekkerrider seach te let dat de auto's foar him stil stiene wêrtroch't er útwike moast nei de oare rydbaan. Dêr kaam lykwols krekt it 24-jierrige slachtoffer oanriden. Har auto waard oerriden troch de trekker wêrnei't de trekker boppe-op de auto ta stilstân kaam.

De frou rekke by de oanriding beknypt en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde.

It slachtoffer is mei ferskate bonkebreuken nei it sikehûs brocht. De trekkerbestjoerder wie nei it ûngelok yn shock, ek hy is oerbrocht nei it sikehûs. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
auto trekker Froonackerdyk
(advertinsje)
(advertinsje)