Hylper skilder Pieter Bootsma sil faker nei Sina

Hylper skilder Pieter Bootsma reizget de kommende tiid faker ôf nei Sina. Bootsma stie dizze moanne in tal dagen op in grutte toeristyske beurs yn it lân. Hy krige dêr in soad besikers yn syn stand, dêr't neist it skilderwurk ek de Hylper dracht te sjen wie.
Bootsma hat yntusken ek útnûgingen foar oare beurzen yn it lân. Dêrneist sil er mei in Rotterdamsk reisburo besykje mear Sinezen nei Nederlân te krijen. Hylpen moat dan ien fan de stêden wurde dy't se oandogge.