Patyna keapet Dr. Wumkeshûs en Bonifatiushûs yn Snits

22 nov 2016 - 13:11
Dr. Wumkeshûs yn Snits - Foto: Google Streetview

Soarchorganisaasje Patyna keapet it Dr. Wumkeshûs en it Bonifatiushûs yn Snits fan wenkorporaasje WoonFriesland. Patyna wie al hierder fan beide wensoarchkompleksen. Mei de keap fan de huzen kin it wengenot en de soarch foar de kliïnten trochgean tsjin ferantwurde kosten, seit foarsitter Johan Krul fan de ried fan bestjoer fan Patyna.

In diel fan it Dr. Wumkeshûs wurdt op it stuit ferboud. Yn jannewaris 2017 sil de Snitser húsdokterspraktyk Fan Marren har dêr fêstigje. It kompleks bestiet út 91 soarchapparteminten en 10 oanleunwenten. It Bonifatiushûs hat 69 soarchapparteminten en 28 oanleunwenten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)