Freerk Brouwer finalist yn de Mees Kees-ferkiezing

Master Freerk Brouwer fan basisskoalle De Trime yn Beetstersweach is ien fan de trije finalisten yn de nasjonale Mees Kees-ferkiezing. Kommende sneon wurdt bekend makke wa't de winner is. Der binne úteinlik 7200 stimmen útbrocht. Mei de kampanje besykje hegeskoallen jongeren entûsjast te meitsjen foar in baan yn it ûnderwiis.