Sintrale As net wer op aginda

It boargerinisjatyf om de oanlis fan de Sintrale As opnij op de aginda fan provinsjale steaten te setten is ûnjildich. Dat docht bliken út juridysk advys dat de provinsje frege hat.
De stifting Better As hie besocht de Sintrale As wer op de politike agindat te krijen. De stifting fynt dat de nije dyk tusken Dokkum en de Wâldwei goedkeaper oanlein wurde kin en dan ek noch better yn it lânskip past as de fariant dêr't foar keazen is. Neffens it juridysk advys kinne PS der net nochris oer prate, omdat dat yn striid is mei wat al besletten is.