Loft- en lânmacht oefenje tegearre by De Marnewaard

21 nov 2016 - 22:56
F-16

De Keninklike Loft- en Lânmacht oefenje tiisdei en freed tegearre yn en boppe de Marnewaard. Tiisdei wurdt der flein tusken twa oere middeis en tsien oere jûns, freed fleane se oerdeis. It giet om in oefening tusken militêren op de grûn en de jachtfleaners. Sy krije oer de radio oanwizingen wêr't se presys doelen oanfalle moatte. De fleantugen fleane op 500 meter hichte, behalve boppe it Waad en it Natura 2000-gebiet. Boppe it oefenterrein jildt in minimumhichte fan 75 meter.

Militêren fan de Ljouwerter fleanbasis oefenje dizze wike op alle taken dy't dien wurde moatte by ferhege driging, lykas it ûntromjen fan gebouwen, it fersoargjen fan slachtoffers en wat se dwaan moatte as der ynkringers op de basis binne. De fleanoefeningen hearre ek by dizze basisoefening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)