Boargemaster Van Klaveren jout weryndielingsdossier oer

21 nov 2016 - 22:39

Boargemaster Van Klaveren belibbet gjin 'arbeidsvreugde' mear oan it dossier weryndieling en sil dat dêrom oerdrage oan ien fan de wethâlders fan Weststellingwerf. Van Klaveren fynt de saak no ek 'te polityk' foar in neutrale bestjoerder. De boargemaster nimt dêrmei ôfstân fan de winsk fan de gemeenteried om in 'ferkenner' te beneamen om dy weryndieling wer op gong te bringen. Van Klaveren sjocht dêr net folle heil yn, omdat Opsterlân en Eaststellingwerf dúdlik sein hawwe dat se dat net wolle.

Opsterlân, Weststellingwerf en Eaststellingwerf wurkje no amtlik gear yn OWO-ferbân. De ried fan Weststellingwerf wol by in takomstige fúzje ek graach de gemeente Hearrenfean belûke, mar Opsterlân en Eaststellingwerf fiele dêr net folle foar.

De riedsgearkomste yn Wolvegea waard bywenne troch in delegaasje út Eaststellingwerf. Sy seine dat de ferkenner út Weststellingwerf wolkom is, mar dat sy allinnich prate wolle oer ferbettering fan de gearwurking en net oer in fúzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)