Grouster restaurant útroppen ta bêste fan Fryslân

Tapasrestaurant Norma Serveert út Grou is moandei troch de webside 'De Toppers van Iens' útroppen ta bêste restaurant fan Fryslân. Dat meldt Grousters.nl  Neffens it ûnôfhinklike platfoarm falt by Norma Serveert alles op syn plak, gastfrijheid, kwaliteit en sfear. De beoardieling komt ta stân troch in hiel soad resinsjes. Restaurants wurde ek beoardiele op service en ynrjochting.
Eigenaresse Norma de Jong hie dit resultaat net ferwachte: "Nu al. Ik ben echt een beetje flabbergasted. Ik ben zo trots op mijn team: Angélica, Silko en Herman maken het en laten mij zijn wie ik ben", sa sei se.